Bootsgappe:
- Râhkvlès
- Aahdbèje
- Peâh
- Râhkos
- Tâhmate
Boodschappen:
- Rookvlees
- Aardbeien
- Peren
- Rouwkost
- Tomaten
Yn it earste nûmer fan De Moanne (septimber-oktober 2002) skreau Klaas Jansma by it
250-jierrich jubileum fan de Ljouwerter Krante in stik oer de kwaliteiten en de ambysje
foar de takomst fan dy krante. Tekst 1 is in ynkoarting fan dat stik.
BLIUWT DE LJOUWERTER KRANTE BESTEAN?
1 Alle dagen wurdt er op mear as hûnderttûzen fan de 220 tûzen adressen yn Fryslân
besoarge: de Ljouwerter Krante. Troch de deune lêshonger fan ‘dûbeldlêzers’ dy’t de kosten
en it genot fan it abonnemint diele mei buorman, sil de krante by sa’n 125 tûzen húshâldens
komme. En al moat men altyd fraachtekens sette by marketing-sifers, ik leau wol dat de
‘Leeuwarder Courant’ (LC) ûnder eagen komt fan gau 250 tûzen fan de healmiljoen 5
krantlêzende ynwenners fan dizze provinsje. In sterk medium. Hoe komt dat sa? En is de
LC de takomst treast?
2 De Ljouwerter Krante is grut yn Fryslân. Alle oare min of mear konkurrearjende
deiblêden mei-inoar hawwe hjir minder lêzers. Sjoernaals fan de NOS en RTL4 bringe in
pear weachjes yn in see fan nijs. Hjoed fan Omrop Fryslân komt mei de kamera aldergeloks 10
net oer de Fryske grinzen. Dat de Ljouwerter Krante is foar de measte Friezen likegoed de
wichtichste ynformaasje-boarne oer de grutte wrâld as oer de lytse.
3 Fan de kultuerferneatigjende ‘ontlezing’ is yn ’e abonneesifers noch mar in bytsje te
fernimmen. It abonnemintetal sit al in mennich jierren net folle feroaring yn. Yn ferhâlding
ta de groei fan it tal Fryske adressen en ynwenners sakket it wol wat, mar dat is nei lange 15
jierren fan sterke groei yn ferliking mei gâns oare deiblêden nóch in prestaasje, alhielendal
foar in middeisblêd.
4 Wat hat dy krante dat him sa sterk makket? Kwaliteit? Komt it fan de sterke eigen
identiteit fan Fryslân? Of rint dizze konservative úthoeke yn ’e ôfbraak fan skreaune media
like bot efterop as by it sportfandalisme, de ynkommens, de huzeprizen en it dielnimmen 20
fan froulju oan it arbeidsproses?
5 Oan sjoernalistike kwaliteit ferwachtet men fan in krante dat er in betrouber byld fan ’e
werklikheid jout en jin ferriket mei nije, ûnbekende feiten en ferrassende ynsichten. Men
moat jin der ek wat thús by fiele, en yn positive mominten respekt ha kinne foar de
kwaliteit, de ynset en it nivo fan de redakteuren.
Wie snapt dit?
Je hoeft het niet helemaal te gaan vertalen hoor